Yndiaanske Niverheidsskoalle fan Carlisle Carlisle Indian Industrial School | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type org. | skoalle (ambachtsskoalle) | |
wurkmêd | ûnderwiis oan Yndiaanske bern | |
fêstige yn | Carlisle (Pennsylvania) | |
off. taal | Ingelsk | |
oprjochte | 1879 | |
opdoekt | 1918 | |
oprjochter | Richard Henry Pratt | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
De Yndiaanske Niverheidsskoalle fan Carlisle (Ingelsk: Carlisle Indian Industrial School), offisjeel eins de Amerikaanske Yndiaanske Niverheidsskoalle (Ingelsk: United States Indian Industrial School) wie in ambachtsskoalle en kostskoalle foar Yndiaanske bern yn Carlisle (Pennsylvania), dy't fan 1879 oant 1918 bestie. De goedbedoelde lesmetoaden dy't der brûkt waarden, binne no tige kontroversjeel. De gebouwen fan 'e skoalle krigen yn 1966 monumintale status troch opname yn it Amerikaansk Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken.